De presentatie wordt gedownload. Even geduld aub

De presentatie wordt gedownload. Even geduld aub

DOEL FAN DE LES Oan it ein fan dizze les witte jim:

Verwante presentaties


Presentatie over: "DOEL FAN DE LES Oan it ein fan dizze les witte jim:"— Transcript van de presentatie:

1 DOEL FAN DE LES Oan it ein fan dizze les witte jim:
Hoe it komt dat it Frysk ferhollânsket. Wat foar ynfloeden it butenlân (hân) hat op de Fryske taal. En dat it Frysk net alinne binnen Fryslân praat wurdt mar ek op oare plakken.

2 SPOARBOEKJE Frollânsk: de relaasje tusken it Frysk en it Hollânsk
Kreatyve opdracht Bûtenlânsk Frysk om útens: bewesten it Fly en beëasten de Lauwers Noard- Fryslân: ferskate talen en in grutte feroaring Filmke Leargesprek

3 FROLLANSK ‘Hy fynt it heel erch dat ik dat hie sein,’ Of: ‘Hy fynt it tige slim dat ik dat sein hie’. It Frysk ferhollânksket slim en feroaret dêrom yn ‘Frollânsk’ Al yn de midsiuwen is it Middelnederlânsk in wichtige kultuertaal foar de lêzende en skriuwende Friezen. Yn de sechtjinde iuw komt dêr it Nederduitsch by, de Friezen passe har sûnder beswier oan. Om 1600 hinne is it gewest Hollân útgroeid ta de grutste skipfeart- en hannelnaasje yn de wrâld. De Friezen hienen no in machtige buorman fuort nest jin. It kin dan ek net oars dat sa’n machtige buorman syn ynvloed ek yn’e taal hat.

4 FROLLANSK ‘Schip op ijzers’

5 FROLLANSK Hollân is rond 1600 net ‘Nederlânsktalich yn de moderne sin fan it wurd. Yn it foarste plak hat noardlik Hollân Frysktalich west. Der wurdt sels noch om 1600 hinne op guon plakken yn Noard-Hollân, benammen yn Waterland by amsterdam Frysk praat. Allinnich wit dan net ien mear dat dat Frysk is. De lêste sprekker fan it Frysk fan Noard-Hollân sil it jier 1700 net helle hawwe. It frysk fan Noard-Hollân hat syn spoaren lykwols al achterlitten yn de Hollânske streektaal. Foarbylden hjirfan bin: ‘uis’ (Fr: ús NL: ons) ‘breg’ (Fr: brêge NL: brug)

6 FROLLANSK De moderne taalbrûker ferliket it Frysk sa’t er dat no kin mei it Standertnederlânsk (ABN) fan de 21ste iuw. Op grûn dêrfan ûnderfynt er it Frysk en it Nederlânsk as gelyk of ferskillend. Der bin lykwol fjouwer skiften fan wurden, foarmen en útdrukkings dy’t er dan oer de kop sjocht.

7

8

9

10

11 KREATYF SKRIUWEN Opdracht: betink in oantal útdrukkings yn it Bokwerters As ynspiraasje ûndersteand in foarbyld:

12 BUTENLANSK: Ekspertgroepkes
Troch de iuwwen hinne hawwe ek oare talen as it Nederlânsk ynfloed (hân) op it Frysk. Foarbylden hjirfan bin it Dútsk, it Frânsk en it Ingelsk

13 FRYSK OM UTENS It Fryske taalgebied wie fan âlds folle grutter. Bûten de provinsje op in tal fan plakken yn Dútslan waard/wurdt der Frysk sprutsen (Kust Germaansk). Yn de 8e en 9e iuw is in neiteam fan Friezen by de Waadkust lâns nei it noarden ta gongen. Noard- Fryslân, in gebied yn it meast noardelikste puntsje fan Dútslân. En op in tal fan eilantsjes lykas Hilgelân en Fering Öömrang mar ek it Sealterlân. (Yn East- Fryslan en Grins is it Frysk al stadichoan ferdwûn).

14 BEWESTEN IT FLY Ek de taal fan Hollân út de iere Midsiuwen oant de âlde Ryn ta kinne we ta in soart fan Oerfrysk rekkenje. It taalbesef dêrfan kaam pas folle letter. Der wurdt oanjûn dat de Fryske taal al foar 1400 út Hollân ferdwûn is, mar dat lyket net sa te wêzen. De stêden en nije polders sille grif Hollânsk west ha, mar der binne oanwizings dat oan de 1e helte fan de 17e iuw ta, yn ferskate plakken noch altyd Frysk praat wurdt. Alinne witte de lju dat sels net!

15 BEEASTEN DE LAUWERS Itselde soart fan taalbetizing sjogge wy yn East- Fryslân: Sealterlanners bygelyks nimme it Frysk/Fraïsch it dialekt fan East- Fryslân, dat no eins taalkundig wer Leechdútsk is. Oantekens en oersettingen rûnom de Grinzer Ommelannen binne nei 1450 ek yn it Leechdútsk. It âlde Frysk wurdt al net iens mear begrepen...dat sette sa stadichoan fierder fan it westen nei it easten. Opfallend is wol dat it pas letter dúdlik waard. Salang der Frysk praten wurdt, fine hja it net nedich om te beneamen. Goed oerlevere dialekten: Sealterfrysk (katolyk) Wangereagersk (grifformeard/luthersk)

16 NOARD- FRYSLAN Noard- Fryslân leit wol yn it ferlingde fan de oare Fryslannen, mar de Friezen binne dêr pas tusken 750 en 1200 hinnetein. Earst jouwe kolonisten yn de 8e iuw har op de eilannen del. Sy wolle ûntkomme oan ‘e Frankyske feroverders. Yn de 11e iuw lit de Deenske kening op ’e nij Friezen komme. Se moasten feangebied ta lân meistje (is letter waadsee wurden). As gefolch fan de ferskillen yn komôf falle de (8) Noard- Fryske dialekten útinoar yn 2 groepen: it eilânsdialekt, en oare dialekten dy’t op de fêste wal praten wurde. It ferskil waard grutter trochdat elk op syn eigen eilân of achter syn eigen dyk siet. Hja kin inoar amper mear ferstean. Guon dialekten stjerre dan ek út….

17 FERSKATE TALEN Yn’e Goudene iuw en dêrnei wurdt troch skipfeart ek it Hollânsk troch eilanners brûkt, mar dat net alinne… Nei de Reformaasje ûnstiet der in mingsel fan ferskate talen dy’t sprutsen wurdt troch in soad manlju: Frysk (thústaal) Leechdútsk (merk- en ferkearstaal) Heechdútsk (tsjerke- en skoalletaal) Hollânsk (wurktaal) Deensk (de taal fan de buorlju)

18 GRUTTE FEROARING In grutte feroaring bart (9e iuw) wannear’t de skipfeart minder wurdt en der mear boeren komme. De Noard- Friezen komme wer mear yn ‘e kunde mei in it achterlân, dus earst wurdt it Leechdútsk in ‘Lingua Franca’ en yn de 20e iuw wat langer mear it Heechdútsk. Toerisme spylet mei. Op ‘e eilannen (lykas Söl) wurde lukse fekânsjeoarden bout. De Frysktaligen foarmje in minderheid op harren eigen grûn. Noch altyd wenje der yn Noard- Fryslân minsken mei it Frysk, Leechdúsk of it Mooringer dialekt, mar jo moatte dizze sprekkers wol opsykje!

19 FILMKE Lústerje nei Ken Ho.. Wêrom woe hy Frysk leare?

20 LEARGESPREK PROBLEEMSTELLING: It Frysk sil stadichoan útstjerre…

21 OFSLUTING FRAGEN??


Download ppt "DOEL FAN DE LES Oan it ein fan dizze les witte jim:"

Verwante presentaties


Ads door Google